It Wiid definityf fallyt

17 des 2003 - 00:00

Bungalowpark It Wiid yn Earnewâld is opnij fallyt. De rjochtbank yn Utrecht hat it fallissemint útsprutsen. It park hat in skuld fan 1,6 miljoen euro. 93 personielsleden, meast parttimers, ferlieze no har wurk.

De foarsjenningen yn it park, lykas it swimbad, bliuwe noch oant 4 jannewaris iepen. Neffens kurator Cnossen binne der twa partijen dy't it park wol folslein oernimme wolle. Yn 2001 gie It Wiid ek al fallyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)