Dochs proefboarringen Tsjûkemar

17 des 2003 - 00:00

Der kinne dochs proefboarringen nei gas dien wurde ûnder de Tsjûkemar. De gemeente Skarsterlân koe de fergunning fan oaljemaatskippij Total Fina Elf net mear keare. In pear jier lyn joech it kolleezje Total Fina Elf al tastimming.

Dêr binne in protte beswieren tsjin kaam. Under druk fan de beswierskriten fan bewenners hat it kolleezje noch besocht de proefboarringen tsjin te hâlden. Dat is net slagge. De gemeente hopet dat der nea echt boarre wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)