Skeakelklasse Snits ticht

© Omrop Fryslân
De ynternasjonale skeakelklasse fan it Alvinus Magister College yn Snits slút dizze wike de doarren. Yn de regio Snits binne de azc's ticht en dêrom binne der te min bern foar de klasse. Ferline jier sieten der noch sa'n 180 learlingen op de skoalle.
De 20 dy't no noch yn Snits binne, sille nei de skeakelklasse yn Ljouwert of nei it gewoane fuortset ûnderwiis. De skeakelklassen yn Harns en op It Hearrenfean sille ek slute.