Klacht fan smaad tsjin asylbaas

© Omrop Fryslân
De eigner fan in diere-ambulânse yn St Anne klaget de gemeente Achtkarspelen oan foar smaad. Ek klaget er de eigner fan in hûne-asyl yn Droegeham oan. De asyleigner hie in klacht yntsjinne tsjin de ambulânse om't dy yllegaal yn Achtkarspelen wurkje soe.
De eigner fan de ambulânse ûntkent dat. Hy seit alle papieren te hawwen dy't nedich binne foar syn wurk. Troch de publisiteit is er stipers kwytrekke. Dat nimt er de gemeente kwea ôf.