Mooglik dochs skatebaan Ljouwert

17 des 2003 - 00:00

It liket derop dat de Ljouwerter skaters takom jier in skatebaan krije. B&W fan Ljouwert steane posityf tsjinoer it idee. Se sille útsykje wat de skaters krekt nedich ha en wêr't de skatebaan komme moat.

De skaters yn de kreake skatehal 'Hetty Halfpipe' binne der lykwols foarearst net mei holpen. Sy moatte begjin jannewaris de kreake skatehal út. Se ha al oankundige dat it skaten trochgiet en dat se in oare hal kreakje sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)