Antike botter giet nei Urk

© Omrop Fryslân
In âlde Urker botter is woansdei op transport gien fan Aldegea (Sm.) nei Urk ta. It skip is by de Headammen op in ponton tild en wurdt oer it wetter nei it fiskersplak ta brocht. De stichting Urker Botter hat de boat oerkocht fan in partikulier dy't it as wenboat yn gebrûk hie. No folget in opknaptbeurt.
It skip waard boud yn 1874 en brûkt om op 'e Noardsee te fiskjen. De restauraasje duorret 10 jier.