Provinsje yn 't spier foar bou

© Omrop Fryslân
De provinsje sil ekstra yn it spier foar de bou en de yndustry yn Fryslân. Mei de oanlis fan trije nije akwadukten, de oanbesteging fan 'e Wâldwei en oare wegebouprojekten hopet de provinsje dat de bou wer oanlûkt.
De trije hjirboppe neamde sektoaren ferlearen dit jier 1500 banen. Dêr foaroer stiet dat yn 'e soarch en it ûnderwiis der in soad dieltiidbanen bykamen. Dy groei sil nei ferwachting noch fierder trochsette.