Koreanen filmje Hansje Brinker

© Omrop Fryslân
De Koreaanske Nasjonale televyzje makket opnames fan it Tryaterstik 'It Mirakel fan Hansje Brinker'. De televyzjestjoerder is te fergelykjen mei de NOS yn Nederlân. De meiwurkers binne hjir dizze wike om in dokumintêre te meitsjen oer wrâldferneamde berneboeken.
De muzikale Frysktalige famyljefoarstelling wurdt de kommende tiid 29 kear opfierd. Dat sil wêze yn de Ljouwerter skouboarch De Harmonie.