Resesje oer djiptepunt hinne

© Omrop Fryslân
Fryske ûndernimmers dogge it better as de kollega's yn guon oare parten fan it lân, sa hat de Keamer fan Keaphannel fêststeld. De omset, ynvestearingen en wurkgelegenheid nimme hjir minder ôf as yn 'e rest fan Nederlân. De delgong fan de Fryske ekonomy rint yn 'e pas mei dy yn 'e rest fan Nederlân. Benammen de bou en de yndustry binne troffen. It djiptepunt fan 'e resesje hat west, tinkt de Keamer fan Keaphannel.