Twa gemeenten ûnder tafersjoch

© Omrop Fryslân
De gemeenten Ljouwerteradiel en Frjentsjerteradiel ha har begrutting net op oarder. Se binne dêrom ûnder tafersjoch fan de provinsje Fryslân steld. Dat betsjut foar beide gemeenten dat se mar in tredde part fan eigen jild útjaan meie.
Frjentsjerteradiel kaam finansjeel yn de problemen troch de oanlis fan de súdlike rûnwei. Dat hat in soad jild koste. Ljouwerteradiel wie te let mei it ynleverjen fan de begrutting.