Grutte kofjekop fan DE stellen

16 des 2003 - 00:00

It grutte byld mei de kofjekop fan Douwe Egberts by De Jouwer is stellen. Yn plak dêrfan stiet in grut neimakke glês bier. De kop wie der delset ter eare fan it 250-jierrich bestean fan de kofjemakker.

Douwe Egberts is ferrast troch dizze aksje, mar docht gjin oanjefte. It bedriuw tinkt dat it giet om in âldjiersfyt en rekkent derop dat it byld nei de jierwiksel wer opdûke sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)