Freed útspraak radio-ûntfangst

16 des 2003 - 00:00

De bestjoersrjochter yn Rotterdam sil freed in útspraak dwaan oer de problemen mei de ûntfangst fan Omrop Fryslân radio. Dat waard moandei dúdlik by de behanneling fan 'e rjochtsaak tusken de omrop en it Agentschap Telecom. It Agentschap twong Omrop Fryslân in jier lyn om tenei fia Smilde út te stjoeren en net fia Jirnsum.

Sûnt dy dei is de ûntfangst fan Omrop Fryslân yn in part fan Fryslân bot efterútgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)