Mear earmoede yn Fryslân

16 des 2003 - 00:00

Mear minsken yn Fryslân binne earm. Dat docht bliken út de 'armoedemonitor'. Dy is tiisdei bekend makke. Mear as 15 prosint fan de Ljouwerters sit krap. Fral ynwenners fan de Frijheidswyk en de Schepenbuurt ha in leech ynkommen.

Ljouwert stiet dêrmei dield op it fjirde plak. Yn Grins leit it persintaazje op 20. De earmoed is it heechst yn Rotterdam mei 22 prosint. Ynwenners fan Dongeradiel, Nijefurd en Kollumerlân ha it ek net breed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)