Jong Cambuur - Hearrenfean 3 - 5

16 des 2003 - 00:00

De beloften fan Hearrenfean wûnen moandei yn Ljouwert de bekerwedstriid fan Jong Cambuur mei 3-5. Cambuur kaam foar troch in goal fan Oebele Schokker. Manu Daghier en Marc van Eijk brochten foar rêst de skoare op 1-2.

Nei rêst skoarde Schokker 2-2 út in penalty. Dêrnei rûn Hearrenfean fia Martijn Barto en Jerrel Wolfgang út nei 2-4. Cambuur makke 3-4 fia in ôfstânsskot fan Steven Lier. Maceo Rigters bepaalde de einstân op 3-5.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)