Ljouwert kart nije APV goed

© Omrop Fryslân
De nije Algemene Politie Verordening fan Ljouwert is goedkard. Op in pear punten nei kaam it foarstel fan it kolleezje moandei troch de ried. Yn de nije APV sit de mooglikheid om minsken previntyf te fûllearjen. In moasje fan de FNP dêrtsjin waard net oernaam troch de rest fan de ried.
In ferbod op it útdielen fan flyers is út de nije APV helle. Om't dat yn striid is mei de frijheid om je te uterjen. De APV jildt fan 1 jannewaris.