Kollum rint attraksjepark mis

16 des 2003 - 00:00

Kollumerlân hie in attraksjepark yn de gemeente ha kinnen. Sakeman Henny van der Most hat in healjier lyn in plan dêrfoar oan de gemeente foarlein. Hy hat der nea wat op heard.

Van_der_Most, dy´t eigner is fan de Bonte Wever en Speelstad Oranje, woe it park delsette op it terrein fan it eardere azc yn Kollum. Hy hat no lân kocht by Meppen yn Dútslan. Dêr komme ûnder oare in wyldwetterbaan en in trikebaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)