CD 'Ikke' foar Medy van der Laan

© Omrop Fryslân
By har besite oan Omrop Fryslân hat steatssiktaris Medy van der Laan fan OCW moandei it earste eksimplaar krigen fan de CD 'Ikke'. Op de CD steane de ferskes út de tv- en radiorige mei deselde namme. Ikke is ornearre foar beukers. Yn 'e TV-searje krûpt aktrise Anny Veenstra yn 'e hûd fan in beuker.
Njonken 'Ikke' krige de steatssiktaris ek de DVD fan operafilm 'Rigoletto', dy't Omrop Fryslân yn jannewaris útstjoert fia Nederlân 3.