Oentsjerk kin feeste

15 des 2003 - 00:00

It âldjiersfeest yn de sporthal fan Oentsjerk giet dochs troch. De organisaasje woe der fan ôfsjen om't de gemeente profesjonele bewaking der by ha woe. Dat soe it feest te djoer meitsje.

Der is no in kompromis sletten. Der wurde twa bewakers ynhierd, oanfuld mei trije man út Oentsjerk dy't tafersjoch hâlde. De organisaasje wol oar jier allinnich mar mei minsken út it doarp wurkje. Dy krije dêr in oplieding foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)