Weststellingwerf moat besunigje

15 des 2003 - 00:00

Weststellingwerf moat de kommende twa jier 1,3 miljoen euro besunigje. Dat komt benammen om't it Ryk minder jild oan de gemeente jout. B en W besjogge de kommende tiid wêr't op besunige wurde kin.

It kolleezje hat al in listje makke fan saken dy't foar besunigings yn de beneaming komme kinne. It giet dan om wolwêzen, skoalswimmen en boarters- tunen. Pas yn de rin fan takom jier komme der konkrete besunigingsútstellen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)