Jager hearde trein net troch wyn

15 des 2003 - 00:00

De 55-jierrige man út Waalwyk dy't sneon by Dronryp ûnder de trein kaam hat nei alle gedachten de trein net heard troch de hurde wyn. Dat hat de plysje bekend makke.

Syn maat út Smilde hearde in lûd, wêrnei't de trein by him lâns gie. Dêrnei seach er de man út Waalwyk net mear. Helptsjinsten koene it plak fan it ûngelok min berikke, omdat it midden yn it lân leit. It treinferkear tusken Ljouwert en Harns lei in skoft stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)