Aris wint fan Akrides

14 des 2003 - 00:00

De Ljouwerter basketbalploech Aris hat sneon mei 84-67 wûn fan Akrides. By rêst wie de stân 48-27. Yn it tredde kwart fan de wedstriid waard it noch spannend by in stân fan 67-57.

Mei-koprinner yn it klassemint Early Bird hat ferlern. Aris stiet no dus allinnich boppe-oan. Aris makke bekend takom jier yn de earedivyzje spylje te wollen. Dêrfoar is in bedrach fan 100.000 euro nedich. Yn jannewaris sil dêroer praat wurde mei de haadsponsors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)