Kokaïne populêr yn Fryslân

14 des 2003 - 00:00

De Fryske jongerein brûkt hieltyd mear kokaïne. Dat seit previnsjemeiwurker Marcel Seuninga fan de Kuno van Dijkstifting yn Ljouwert. Fryslân folget dêrmei de lanlike tendins, want ek yn oare parten fan Nederlân wurdt it gebrûk fan kokaïne populêrder.

Yn Amsterdam bygelyks is de drug op it stuit bot yn gebrûk. Yn tsjinstelling ta Fryslân nimt yn it Westen de populariteit fan xtc-pillen wol ôf, sa hat in ûndersyk útwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)