Utstalling oer Van Cammingha's

14 des 2003 - 00:00

De machtichste famylje ea yn Ljouwert stiet sintraal yn in nije útstalling yn it Frysk Museum. De aadlike famylje Van Cammingha hie al yn de midsieuwen wichtige posysjes yn it bestjoer fan de stêd en behearske de transporten oer lân en wetter.

Hjoeddedei werinnerje de nammen fan fuotbalklub Cambuur en de wyk Camminghaburen noch oan de famylje. Yn de útstalling binne portretten en foarwerpen fan de famylje te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)