Amateurfuotbal snein ôflast

© Omrop Fryslân
Fanwege de minne tastân fan de wiete fuotbalfjilden binne alle amateurwedstriden foar snein 14 desimber ôflast. Op sneon 13 desimber giene de measte wedstriden ek al oer.
Op sneon lei de haadklasse C der folslein út. By de oare klassen wie it net folle better; oer it generaal binne der folle mear wedstriden net as wol trochgien. Ek by de junioaren fan 'e betelle clubs gie it measte net troch, sa ek NEC - Hearrenfean.