Net elkenien achter tsjerkefúzje

13 des 2003 - 00:00

It is noch mar de fraach oft alle grifformearde, herfoarme en luterske tsjerken yn Fryslân meidogge oan de nije fúzjetsjerke PKN, 'de Protestantse Kerk Nederland'. De trije synoades fan de tsjerken giene freed yn Utrecht akkoart mei de fúzje.

De kommende tiid wurdt dúdlik oft de tsjerklike gemeenten dy't tsjin de fúzje binne, har ôfskiede sille. Tsjinstanners binne benammen te finen yn it Noarden en Easten fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)