Regels Alvestêdetocht oanskerpe

13 des 2003 - 00:00

As de Alvestêdetocht dit seizoen hâlden wurdt, dan moat it bestjoer by alle 18 gemeenten dêr't de tocht troch hinne giet, in fergunning oanfreegje. Dat sei foarsitter Henk Kroes fan feriening 'De Friesche Elfsteden' tongersdeitejûn op de jierlikse ledegearkomste yn it FEC yn Ljouwert.

It oanfreegjen fan de fergunningen hat te krijen mei in skerper belied fan de oerheid. Yn de fergunning stiet dúdlik wa't ferantwurdlik is by ûngemakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)