Ljouwert lilk oer sluting azc

13 des 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert is lilk op it coa, it sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers. Reden is dat it coa it lêste asylsikerssintrum fan Ljouwert, azc Burmania, slute wol. Yn de hjerst fan 2004 geane dêr de doarren ticht.

Earder gie yn Ljouwert ek al it azc oan de Bonkefeart ticht. Wethâlder Hetty Hafkamp is lilk om't se fan it coa fan te foaren gjin sinjaal krigen hat oer de sluting. Der wiene al kosten makke foar it finen fan in oare lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)