Grut tal ynbraken oplost

13 des 2003 - 00:00

De plysje yn Noardeast-Fryslân hat in grut tal ynbraken oplost. Dêrby binne twa manlju út Kollum (18 en 25 jier), in 19-jierrige ynwenner fan Kollumerlân en in 16-jierrich famke út Drachten oanhâlden.

Se wurde fertocht fan in grut tal wenning-, bedriuws- en auto-ynbraken yn Noardeast-Fryslân. Se ha ûnder oare 4 kear ynbrutsen yn in kapperssaak yn Kollum. It is net útsletten dat der noch mear saken oan it ljocht komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)