Achmea wol IT konsintrearje

© Omrop Fryslân
De VVD yn Ljouwert makket him soargen oer de plannen fan fersekeringskonsern Achmea om de automatisearrings- ôfdielingen te konsintrearjen. Neffens de partij soene de IT-ôfdielingen fan ûnder oare Avéro en de FBTO fan Ljouwert út ferpleatst wurde nei Noordwijk en Apeldoorn.
Neffens Achmea-wurdfierder Tiemersma is de soarch fan de VVD net terjochte en kin de beslissing oer de IT wol ris yn it foardiel fan Ljouwert útpakke.