Technopark start útstjoerburo

12 des 2003 - 00:00

Opliedingsbedriuw foar houttechniken Technopark op It Hearrenfean set út ein mei in eigen útstjoerburo. Technopark sjocht te folle kursisten dy't klear binne, yn oar wurk belânen of sûnder wurk bliuwen.

As praktykskoalle foar sa'n 30 houtbedriuwen yn Noard-Nederlân sil Technopark no sels bemiddelje tusken de kursisten en de bedriuwen. Dêrmei wurdt it in grutte konkurrint fan al besteande útstjoerburo's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)