Gjin skatebaan Surhústerfean

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen set de oanlis fan in skatebaan en in moetingsplak foar jongerein yn Surhústerfean earst net troch. De fasiliteiten hiene by sportkompleks Ketting komme moatten, mar de omwenners binne der bot op tsjin.
Sy binne benaud foar oerlêst. Op foarstel fan it CDA yn de gemeente binne de plannen no earst op in sêft sin setten. Yn dy tiid wurdt de gong fan saken op in rychje set en it jeugdbelied fierder besjoen.