Nij drumlokaal De Wâldsang

12 des 2003 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen wol ein takom jier of begjin 2005 út ein sette mei de bou fan in nij drumlokaal by streekmuzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost. It drumlokaal moat in definityf ein meitsje oan de lûdsoerlêst by de muzykskoalle.

Neffens wethâlder Van der Wal kinne de plannen noch wol fan tafel fage wurde as de buert beswier makket. Yn dat gefal komt it drumlokaal op in oar plak yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)