Vonk net yn Súd-Afrikaansk team

12 des 2003 - 00:00

Hans Vonk, de keeper fan SC Hearrenfean, makket gjin diel út fan de seleksje fan it Súd-Afrikaanske alvetal foar de einronde fan it Afrikaansk kampioenskip. Bûnscoach Mashaba hat him net útsocht foar de seleksje fan 22 man.

Vonk siet by it wrâldkampioenskip fan ferline jier yn Súd-Korea en Japan noch op de reservebank by it team. Steven Pienaar fan Ajax sit wol yn de seleksje foar it toernoai dat fan 12 oant 24 jannewaris hâlden wurdt yn Tunesië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)