Histoaryske boeken fûn

© Omrop Fryslân
In tal histoaryske boeken binne boppe wetter kommen by de ferbouwing fan it Ljouwerter stedhûs. Boufakkers troffen de boeken tongersdei oan op de souder fan de Hoofdwacht. Dy stiet neist it stedhûs. De boeken binne nei alle gedachten út de perioade om 1860 hinne.
De gemeente tinkt dat it giet om in âld argyf fan stedsarsjitekt Romein. Hy hat ûnder oaren it stedhûs ûntwurpen hat. It Histoarysk Sintrum Ljouwert ûndersiket de boeken fierder.