Pleinferbod foar hingjongeren

11 des 2003 - 00:00

In pleinferbod moat de jeugd fan Tytsjerksteradiel fan skoalpleinen ôfhâlde. De hingjongeren soargje foar in soad oerlêst. Se drinke bier yn it fytsehok en ferniele guod. Fuortstjoere helpt net mear. De gemeente kiest dêrom foar in pleinferbod foar tiden bûten skoalle.

It fandalisme hat dit jier al 10.000 euro koste. It ferbod jildt foar sân skoalpleinen. Fandalen dy't har der net oan hâlde kinne beboete wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)