Verbeek wachtet op Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Gert Jan Verbeek tekent foarearst gjin nij kontrakt by Heracles. De trainer fan de Almelose klub wachtet op dúdlikheid fan SC Hearrenfean oer de opfolging fan Foppe de Haan. Verbeek wol dat ein jannewaris witte.
De Fryske klub praat mei in tal trainers. Foarsitter Van der Velde wol net sizze wa't dat binne. Ek net hoefolle kandidaten oft der binne. Ein dit jier of begjin takom jier wurdt de nije coach bekend, seit Van der Velde.