Sân winne by Aldehaske mei wer

11 des 2003 - 00:00

By Aldehaske mei dochs sân ôfgroeven wurde. Het Friese Landschap hie berop oantekene tsjin de ôfgraving. De Rie fan Steate faget dy beswieren fan tafel. It wurk hat fiif wiken stillein.

Steatelid Oosterhuis (Onafhankelijke Statenfraktie) hie skreaun dat der yllegaal groeven waard en dat de provinsjale miljeu-ynspekteur dat wist. Neffens de provinsje kloppet dat net. Yn in gesprek wurdt Oosterhuis dúdlik makke dat er soks net wer meitsje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)