KPN: yn 2004 ADSL op plattelân

11 des 2003 - 00:00

De KPN makket yn 2004 555 telefoansintrales op it plattelân geskikt foar breedbân-ynternet. It bedriuw wol sa de ADSL-dekking útwreidzje oant 97% fan alle abonnees. Yn 'e takomst kinne dan allinnich minsken dy't fierder as in pear kilometer fan in telefoansintrale wenje gjin ADSL krije.

Oant no ta wegere de KPN om te ynvestearjen yn doarpen mei minder as in pear tûzen ynwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)