Brada draait foarearst noch net

© Omrop Fryslân
De kommende moannen wurdt der noch net slachte yn de fallite slachterij Brada yn Ljouwert. De nije eigner fan it bedriuw, Wildeboer, dy't de slachterij mids oktober kocht, doart it net oan.
Wildeboer hat in konflikt mei de Rykstsjinst foar de keuring fan fee en fleis (RVV). Neffens Wildeboer mei de RVV yn slachterijen net op hygiëne kontrolearje, mar se dogge dat wol. Wildeboer wol dêr earst mear helderheid oer foar't er los giet yn Ljouwert.