Ek nachts kontrôle yn hoareka

© Omrop Fryslân
De brânwacht yn Ljouwert sil tenei ek nachts hoareka-gelegenheden kontrolearje. Oant no ta waarden de kontrôles allinnich oerdei dien.
De ôfrûne wike hat de brânwacht 25 útgeanssintra kontrolearre dêr't tusken de krystdagen en âld en nij in soad minsken komme. De measte kafees en disko's foldogge oan de easken, in oantal krige in warskôging en moat noch in wat saken oanpasse. Hoareka-eigners binne alerter sûnt de brân yn Volendam.