3 manlju oppakt foar oerfal

10 des 2003 - 00:00

Justysje hat trije fertochten oanhâlden foar de oerfal op in pompstasjon yn Parregea op 22 oktober. It giet om in 33-jierrige Warkumer en twa manlju fan 23 en 27 jier út de gemeente Skarsterlân. De manlju hawwe bekend.

By de oerfal is 500 euro kontant en foar 350 euro oan smokersguod meinommen. De Warkumer bliuwt noch 30 dagen yn foararrest, de oare twa manlju wurde tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)