Ald en Nij Garyp:gjin feesttinte

10 des 2003 - 00:00

Garyp krijt mei de kommende jierwiksel gjin feesttinte en freugdefjoer. De gemeente hat de ôfrûne moanne om de tafel sitten mei de jongerein en de aldjierskommisje fan it doarp om sa'n feest te organisearjen. Foar in tinte is net in fersekerder te finen en in fjoer fynt de gemeente te gefaarlik.

Ferline jier rûn it feest folslein út de hân. Tsien bewenners moasten foar de rjochter komme û.o. foar brânstifting. It feest komt no yn de sporthal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)