Poppe Amalia is ferneamd

© Omrop Fryslân
Catharina-Amalia Beatrix Carmen Victoria. Dat is de namme fan de krekt berne prinses. Ropnamme wurdt Amalia, sa't de grutske heit Willem-Alexander tiisdei bekend makke.
De poppe is ferneamd nei Amalia van Solms, frou fan stedhâlder Frederik Hendrik. Se trouden yn 1625 en wennen yn wat no Paleis Noordeinde is. Amalia wie sljocht op keunst. Se kocht wurk fan Rembrandt en Jordaens. Oan it hôf wienen muzyk en literatuer belangryk.