Aksje tsjin drompels op Skier

09 des 2003 - 00:00

Ferkearsdrompels op kuierpaden op Skiermûntseach binne in boarne fan argewaasje. Benammen foar âldere minsken dy't mei in rollator rinne. Se fiere aksje tsjin de drompels by de Langestreek del en sammelje hantekens.

De gemeente hat de drompels oanlein om fytsers fan it paad te kearen. Wethâlder Dijkstra tinkt der oer om de drompels wat flakker te meitsjen. Oan de Voorstreek moatte ek sokke drompels komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)