Bern krije fergees in kroantsje

© Omrop Fryslân
Bern yn bernedeiferbliuw Bloemenkind yn Ljouwert krije woansdei in kroantsje fan babyshampooprodusint Zwitsal. It is it begjin fan in lanlike aksje om bern op sa'n 2800 bernedeiferbliuwen in kroantsje te jaan.
It bedriuw grypt de berte fan prinses Amalia, de dochter fan Willem-Alexander en Maxima, oan foar de aksje. It bedriuw fynt dat alle lytse bern eins prinsen en prinseskes binne en dus in kroantsje fertsjinje.