Stipe foar lytse Super de Boer

© Omrop Fryslân
Supermerkkonsern Laurus komt syn franchize-ûndernimmers mei de winkel- formule fan Super de Boer, finansjeel yn 'e mjitte. De selsstannige ûndernimmers hoege dit jier minder fan harren winst ôf te stean.
Troch de prize-oarloch yn de supermerken meitsje de selsstannige ûndernimmers minder winst. Dat komt om't de doarpswinkels in relatyf lyts assortimint oan produkten ha. Sy kinne stuntprizen minder goed kompensearje.