Te Mâl: mear as tûzen hantekens

© Omrop Fryslân
Aksjegroep Te Mâl hat de ôfrûne wiken mear as tûzen hantekens sammele tsjin de besunigings fan 'e provinsje op kultuer en taalbelied. Te Mâl sil de hantekens woansdei op it provinsjehûs oanbiede oan steatelid De Haan(PvdA).
De steaten sille nije wike woansdei in beslút nimme oer de besunigingsplannen. Te Mâl hat grutte beswieren tsjin de besunigings op it sintrum foar Film yn Fryslân en op it taalbelied. It budget taalbelied soe de helte lytser wurde.