Reedrydwedstriid yn Nijelemmer

08 des 2003 - 00:00

It iis leit der noch mar kwalik yn, mar de earste wedstriid op natueriis is al wer útskreaun. Sa't it no liket giet de wedstriid tiisdeitejûn yn Nijelemmer troch.

De koartebaanwedstriid set om healwei achten útein en wurdt organisearre troch de iisferiening Nijelemmer. Op ferskate plakken yn de provinsje, bygelyks by Ryptsjerk, is moandei al riden op natoeriis. It iis is lykwols net betrouber, sa sizze saakkundigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)