Bankberôving mei gizeling

08 des 2003 - 00:00

Trije jonges hawwe besocht in bank yn Aldeberkeap te berôvjen. Se namen yn Steggerda in meiwurker mei nei de bank, wylst se syn frou en bern fêstbûnen. By de bank sei de man dat der in kollega bykomme moast. Hy mocht dat regelje, mar belle de plysje op.

Doe't de plysje by de bank oankaam, naaiden de oerfallers út en rieden mei de auto op 'e kop yn 'e sleat. De oerfallers binne oanhâlden. It giet om in jonge fan 18 en twa fan 17 út Assen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)