Flagge earder yn produksje naam

08 des 2003 - 00:00

De flagge dy't skoalbern betocht ha foar de poppe fan Willem-Alexander en Máxima wurdt earder yn produksje nommen. It winnende ûntwerp soe freed bekendmakke wurde. Omdat de poppe snein al berne is, wurdt dat no moandeitemiddei dien yn in televyzjeprogramma fan de EO. De winnende flagge wurdt makke by de flaggesintrale yn Dokkum. Dêr kinne se fan tiisdei ôf besteld wurde. Der wurde inkele tûzenen fan makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)